De krêft fan de Tsjûkemar brûke. Ut de krite wei is mids 2015 de foarstap nommen om de krite Tsjûkemar sosjaal, romtlik en ekonomysk fuort te sterkjen.
De ûndernimmers en de pleatslike belangen fan Ychten, Ychtenbrêge, Dolsterhuzen, Fjouwerhûs, Reahel, Sint Nyk en Eastersee hawwe de stifting Klub fan Oanjagers oprjochte om meiinoar ynfolling te jaan oan de plannen, yn oparbeidzjen mei de oanbelangjende oerheden Provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en rekreaasjeskip De Marrekrite. Ek Rykswettersteat hat meiwurking tasein.
Op 29 jannewaris 2019 hawwe Provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân, rekreaasjeskip De Marrekrite en de stifting Klub fan Oanjagers fan de Tsjûkemar een Yntinsje-oerienkomst gebietsûntwikkeling Tsjûkemar-krite sletten, dêr’t sy by útsprutsen hawwe om oan te stjoeren op in oparbeidersoerienkomst foar dizze gebietsûntwikkeling.
Foar it jier 2019, oerrinnend yn 2020, wurdt troch de stifting Klub fan Oanjagers benammen in stikmennich projekten oanpakt, lykas neamd yn it útfieringsplan ‘De krêft fan de Tsjûkemar brûke’, dat yn maart 2016 opsteld is troch Eric Mateman fan Bureau Ruimtewerk te Swol.