Súdeast-igge

16 September 2019

Fyts- en kuierrûtes by de suderigge lâns lizze deun oan de wetterkant. Op oare plakken lizzen de fyts- en kuierrûtes fier fan de mar ôf. In ferbining tusken de kuier- en fytspaden om de mar hinne te meitsjen is it doel fan de Klub fan Oanjagers fan de Tsjûkemar. Op it stuit wurdt in tal knyppunten ûndersocht en, dêr’t de mooglikheden binne, oanpakt mei de pleatslike befolking. It fyts- en kuierpaad by de Broeresleat lâns is yn oparbeidzjen mei Wetterskip Fryslân en de Marrekrite wer iepensteld.