Panoramaplakken

16 September 2019

It projekt ‘Kultuerrûte’ wol derop ta om lân en wetter meiinoar te ferbinen. Betrutsenen hawwe de Stifting Kulturele Rûte Tsjûkemar oprjochte. Sy meitsje regelmjittich in rûte by ferskate keunstwurken lâns, dy’t der om de Tsjûkemar hinne binne. Spesifike plakken dêr’t lân en wetter har ferbine, mei in beammestoel as werkenningspunt, wurde in ‘panoramaplak’ neamd. Ynearsten binne dat trije, mar it doel is dat dat op syn minst seis panoramaplakken wurde. Keunstners út hiele Nederlân hawwe har fyzje jûn op de ynrjochting, en dêrút is in ûntwerp keazen om te realisearjen.