De krêft fan de Tsjûkemar goed brûke. Ut de krite wei is yn ‘e midden fan 2015 de foarstap set om de krite Tsjûkemar soasjaal, romtlik en ekonomysk fuort te fersterkjen. De ûndernimmers en de Pleatslike Belangen fan Sint Nyk, Eastersee, Ychten en Ychtenbrêge en Dolsterhuzen, Reahel en Fjouwerhûs hawwe de stifting Club fan Oanjagers oprjochte om meiinoar ynfolling te jaan oan de plannen, yn oparbeidzjen mei de oanbelangjende oerheden Provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en rekreaasjeskip De Marrekrite. Ek Rykswettersteat hat meiwurking tasein.
Us krite hat in stikmennich unike kwaliteiten dy’t wy graach brûke wolle.
Wy wolle de krêft fan de Tsjûkemar wier meitsje troch nije foarmen fan rekréaasje te realisearjen en de mar yn sônes te ferdielen. Oan de westkant fan de mar (ten easten fan de snelwei) is genôch romte foar drokke(re) rekréaasje-aktiviteiten. Oan de eastekant fan de mar wolle wy mooglikheden foar “stillere” rekréaasje-aktiviteiten en natoer brûke.
Wy wolle dat de rekréative ynfrastruktuer woartele bliuwt by de bewenners fan de krite. Ek wolle wy de wearden fan it gebiet better ûndersykje, wier goed bewarje en fierder întwikkelje. Dêrmei wurdt ek de leefbaarheid fan it gebiet stimulearre. Om de ynfolling derfan konkreet te meitsjen hawwe wy de foarstap nommen foar it opstellen fan it útfieringsplan “De Krêft fan de Tsjûkemar brûke”. Binnen de Club fan Oanjagers fan de Tsjûkemar binne de hjirnei neamde ambysjes fêststeld.
Mar wy wolle benammen de krêft fan de meinskip brûke. De ambysje fan de Club fan Oanjagers fan de Tsjûkemar is om ûndernimmers en ynwenners “oan te jageb” om yn it gebiet te ynfestearjen en de regio wat rekreative en toeristyske foarsjennings oangiet, op in heger plan te bringen.