In stikmennich jonge boeren foarmje mei de Klub fan Oanjagers de wurkgroep “Buorkjen mei Wearde”. De sintrale fraach dêr’t sy oer gear binne, is: “Hoe wolle wy oer sa’n tweintich jier ús boerebedriuw trochjaan?” In grutte frage, dêr’t lyts oan begûn wurdt troch yn te setten op mear wurdearring fan de boargers foar de boeren.
De foarstap wurdt nommen yn de maitiid fan 2020 troch 17 kilometer bêrms yn te siedzjen mei in blomryk mingsel. Hjirmei wurdt ek lyts begûn, nammentlik yn de Ychtenerfeanster- en Follegeastmerpolders. Yn oparbeidzjen mei de Stifting Kulturele Rûte Tsjûkemar en de stjoergroep Krite-ûnderwiis Tsjûkemarkrite meitsje wy der wat breders fan: oparbeidzjen, kennis dielen en jong begjinnen sille de grûnslach foar begryp foarmje.
Yn de Ychtenerfean- en Follegeasterpolders is, healwei maaie 2020, it ynsiedzjen fan blomryk mingsel yn de bêrms úteinset. Jonge boeren oparbeidzje dêryn mei de gemeente De Fryske Marren en it Wetterskip. It bewurkjen fan de grûn en it ynsiedzjen wurdt dien troch Leanbedriuw Hoekstra. Meikoarten komme in fyts- en in kuierrûte by de ynsiedde bêrms lâns beskikber. Der sille ek buordsjes by de rûtes lâns delset wurde mei ynformaasje oer de eftergrûnen fan dit projekt.