Dei-rekreaasje Ûlesprong draacht by oan de Tsjûkemar as bestimmingsmar. Der lizze konkrete kânsen foar dei-rekreaasje. Ien ûnderdiel dêrfan is de realisaasje fan in Kabelwetterskibaan, in partikulier ynysjatyf. De fergunningsproseduere is yn ‘e gong set foar de kabelwetterskibaan mei dêrbyhearrend ûntfangst- en horekagebou. De gemeente wurket oan in bestimmingsferoaring.