De Tsjûkemar is de grutste mar fan Fryslân en leit yn de gemeente De Fryske Marren yn it suden fan de provinsje. It oerflak fan de mar is sawat 22 km2. Yn de mar lizze trije eilannen. De Tsjûkepôle, de Marchjepôle en de Gânzetippe. Om de Tsjûkemar hinne lizze de doarpen Ychten, Ychtenbrêge, Dolsterhuzen, Fjouwerhûs, Reahel, Aldeouwer, Sint Nyk, Follegea en Eastersee.
Oan de westkant rint de snelwei A6 troch de mar hinne en is der fia de Follegeasleat ferbining mei it Prinses Margrytkanaal en mei Sleat en de Sleattemermar. Oan de noardkant foarmet de Skarsterryn de ferbining mei Skarsterbrêge en de Langwarder Wielen. Oan de eastkant is der fia de Broeresleat de oansluting mei It Hearrenfean en oan de súd-eastkant fia Ychtenbrêge en de Pier Christiaanssleat de ferbining mei de Tsjonger, de Turfrûte, Bloksyl en Oerisel.
Neffens syn fyzje wol de Club fan Oanjagers fan de Tsjûkemar de mar ûntwikkelje fan in trochfardersmar nei in bestimmingsmar, dy’t gastfrij is foar elkenien en in ekonomyske ympuls foar it gebiet foarmet.